0

Home » Overzicht » Literatuur » Tusken heiten en soannen


Tusken heiten en soannen - Willem Tjerkstra 

Tusken heiten en soannen

Willem Tjerkstra (Auteur)

Paperback 22,95 22,95excl. 3,95 verzendkosten NL
in winkelmand
toegevoegd aan je winkelmand Het luisterboek is helaas uitverkocht en kan dus niet besteld worden.

Beschrijving

Tusken heiten en soannen is it trettjinde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint.

Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk en Mei gidsen nei hichten wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1996.

Tusken heiten en soannen is it ferfolch op Tusken twa planeten. De eardere geitehoeder Mardoek is mei de astronauten fan de tolfde planeet wer op Ierde oankommen. Mei de kennis fan planeet An wurdt de ûntwikkeling yn it gebiet fan de Eufraat en de Tigris yn gong setten. Mei de bou fan twa stêden, Oer en Oeroek, ûntstiet yn relatyf koarte tiid in kultuer dy’t sûnder help fan de Anners net mooglik west hie. As Mardoek âld wurden is, sjocht er mei syn An-freonen werom op it enervearjende libben op twa planeten. Dêrnei nimt er ôfskie fan harren en kin er de holle rêstich dellizze op it plak dêr’t er foar it earst har romteskip sjoen hat.

ISBN: 9789464247831


Liefhebbers van Tusken heiten en soannen lazen ook: