Home » Overzicht » Reizen en Taal » Regionalia » Friesche boeken » Pionier foar it Frysk
Tony Feitsma (1928-2009) kaam yn Brantgum te wrâld en waard grut op in pleats yn de Wieringermar. Fan hûs út krige hja ambysje en pioniersgeast mei, mar ek in hechte bân mei de taal fan it heitelân. Sy waard yn 1976 de earste froulike heechlearaar Frysk. Foar har foelen wittenskip en Fryske beweging gear mei it ynnimmen fan har plak as minske yn ‘e mienskip.
Wa wie Tony Feitsma en hoe hat se har útsprutsen mienings en wittenskiplike kwaliteiten yn in manljuswrâld befochten? It hat yn alle gefallen net om ‘e nocht west. Mear as 25 jier lang hat se studinten ynspirearre. De FNP hat se yn 1962 rêden foar in iere dea. Mei eigen jild rjochte se in fûns op dat noch altiten stipe jout oan Frysktalige aktiviteiten.
Yn dizze biografy beskriuwt Liuwe H. Westra har libben yn de mienskip fan famylje, skoalle en universiteit, fan frisistyk en Fryske beweging. Hy besiket in antwurd te jaan op de fraach hoe’t Tony Feitsma sa’n fûleindich strider foar it Frysk wurde koe. Mar ek: wêrom wie se altiten sa ferskriklike kritysk? Wêrom koene jo it fuort net goed genôch dwaan yn har eagen?
Liuwe Westra hat hast tûzen doazen persoanlik argyf trochsneupt en hy hat praten mei in mannichte minsken dy’t Tony Feitsma goed kend hawwe. It risseltaat is in yngeand byld fan in markante en striidbere frou.
Sjoch hjir foar in resinsje: https://neerlandistiek.nl/2022/09/strijden-voor-een-boerentaal/
‘(…) Pionier foar it Frysk is een boek om in één adem uit te lezen. De biograaf Westra heeft de onderste steen bovengebracht om een beeld te scheppen van een dwarse, eigenzinnige, zeer geleerde, idealistische vrouw.’ – Marc van Oostendorp
ISBN: 9789493159938