Home » Overzicht » Thrillers en detectives » Detectives » Moard op 'e steger
Brigadier-resjersjeur Liuwe Bekkema en haadplysje-resjersjeur Lukas Roosjen, op it buro de Blomkes neamd, sitte noflik oan ’e Bearenburch op it terras te filosofearjen. Dan komt der in oprop fan de meldkeamer. In man en in frou op in steger fuortby ha in ferstoarne fisker fûn, dy’t earst allinne mar sleau yn syn stoel like te sitten. De Blomkes moatte útsykje hoe’t dit sit. De frou fan it slachtoffer reagearret sûnder emoasje. Dat fine de mannen frjemd. It lêste wat sy fan har man heard hat is in appke: “Plan fan B. feroare, kom jûn dus net thús.”
Wat wie dat plan? En hie er fijannen? De Blomkes dûke der djip yn en dan blykt alles dochs wer oars te wêzen as it earst like.
Dit is it fjirde diel yn de searje oer plysjemannen Bekkema en Roosjes. Earder ferskynden: Allegearre snie, Moard yn ’e hite hei en Moard yn tsjerke.
ISBN: 9789463656634