0

Home » Overzicht » Literatuur » Leafde yn oarlochstiid


Leafde yn oarlochstiid - Willem Verf 

Leafde yn oarlochstiid

Willem Verf (Auteur)

Paperback 17,50 17,50excl. 3,95 verzendkosten NL
in winkelmand
toegevoegd aan je winkelmand Het luisterboek is helaas uitverkocht en kan dus niet besteld worden.

Beschrijving

Oan de basis fan dizze novelle lizze de oantinkens fan de mem en de heit fan de skriuwer. Syn âlden krigen ferkearing yn Dútslân, yn ’e oarloch, wylst it Ruhrgebiet heftich bombardearre waard. By biten en brokken fertelden hja har soan letter út en troch oer wat sy yn dy tiid meimakken.
Hoe komme minsken dy’t gjin helden binne, dy’t neat hawwe mei ideologyske fiersichten, troch sokke tiden fan fernieling, dea en ûntregeling?

Yn de jierren dat Willem Verf opwoeks, woenen de minsken foaral de oarlochstiid achter har litte. De skriuwer hat fan de fragminten dy’t him as bern wol oerlevere waarden in meinimmend, oandwaanlik en realistysk ferhaal makke.

Sa persoanlik as yn dit boek hat Willem Verf boppedat net earder west. De wize wêrop’t hjir nei dy oarloch sjoen wurdt, is oars as dat men wend is – in útdaging foar de lêzer. Want krekt it wjerfarren fan minsken dy’t gjin held, dieder of slachtoffer wienen, is fan grut belang om te begripen wat der doe geande wie.

ISBN: 9789493318571


Liefhebbers van Leafde yn oarlochstiid lazen ook: