Home » Overzicht » Kinderboeken » Fictie kinder- en jeugdboeken » In nije heit
Ik bin gek op auto’s. Op gewoane auto’s, mar foaral op sportauto’s. Op de Porsche 911 Targa 4S bygelyks. Of op de Maserati Quattroporte. Ik sammelje ek foto’s fan auto’s. Ik knip se út boekjes en dan plak ik se yn myn selsmakke autoplakboek. Ik skriuw der dan ek fan alles by. Technyske saken, lykas hoefolle pk dy auto hat. Of hoe hurd er kin. Dan kin ik it allegear goed ûnthâlde. Fuotbal fyn ik ek moai.
Myn heit net. Dy hâldt net fan sport. Mar dy fynt ek hielendal neat oan auto’s. Hy hat it altyd drok mei syn angel en mei syn stomme fiskersboatsje. En dêr fyn ik wer niks oan. Ik soe eins wol in oare heit ha wolle. Ien dy’t wól fan sportauto’s hâldt. En fan fuotbal. Mar in heit kinst net sels útsykje en ik ha no ien kear dizze. Dat is spitich, mar it is net oars. Of…?
De grutste bibliotheek mei ynternasjonale jeugd- en berneliteratuer yn ‘e wrâld: de Internationale Jugendbibliothek München makket alle jierren in list mei “White Ravens” – in seleksje fan twahûndert boeken fan hege kwaliteit út tsientallen lannen en talen. En…. IN NIJE HEIT fan Thys Wadman is ien fan dy Wite Raven!
Fermelden op de IBBY-honourlist 2016. De Ibby (International Board on Books foar Young people) jout ien keer yn de twa jier in oersjoch fan berne- en jeugdboeken fan hege kwaliteit, útjûn yn maar as 75 by de feriening oansletten lannen.
Nominearre foar de Simke Kloostermanpriis 2016.
Besjoch hjir it ynsjocheksimplaar
Resinsje troch Maria Del Grosso:
Wat in perfekt gehiel foarmet de útjefte In nije heit. De pear yllustraasjes dy’t der yn steane, beslaan twa siden en jouwe op moderne wize de sfear fan it ferhaal wer. It boek is mei soarch gearstald, dat strielet der ôf. De 96 siden befetsje in protte wyt en dat makket it byld tige rêstich. De nûmering liket op it earste each ôfwêzich, mar blykt allinnich op de rjochtersiden te stean. Net ûnderoan, mar rjochts yn it midden yn in klodde ferve. En nee, In nije heit giet lokkich ris in kear net oer skieden âlden en de nije freon fan mem, wat de lêzer yn earste ynstânsje mooglik tinkt. It plot is gâns orizjineler: haadpersoan Gerke, dy’t sa tryst op it omslach stiet, freget foar syn jierdei in nije heit. Dy winsk hat yngripende gefolgen en de lêzer freget him hieltiten ôf hoe’t Gerke him hjirút rêde sil. Eins ferwachtest in goed ein, mar ek hjir wer in ferrassing: Wadman kiest foar in iepen ein. Is it werom kommen fan Gerkes rêchsek in teken dat syn heit Johannes ek werom is? De heit dy’t net wachtsje wol mei kofjedrinken oan’t mem Gerke op bêd brocht hat en har alwer nei ûnderen ropt. Of wat noch hurder oankomt by Gerke: de heit dy’t nea mei giet nei syn fuotbalwedstriden en de heit dy’t neat oan auto’s fynt, wylst Gerke der gek op is. Syn heit hat it altiten drok mei syn angel ,,en mei syn stomme fiskersboatsje’’. Dus freget Gerke oan syn mem om in nije heit. ,,It hoecht net iens in nijen te wezen. Hy mei ek wol brûkt wêze. Twaddehâns, lykas by auto’s!’’ Mem hellet mei Harm yndie in nije heit yn ‘e hûs. Dan sjocht Gerke pas yn dat op elts wol wat oan te merken is. Sa is Harm in smoker en moat Gerke dêr neat fan ha. En de auto dêr’t Harm sa oer swetst is mar in âlde Opel, in wrak. As wie it noch net moai genôch, wol Harm ek nochris it fiskersboatsje fan heit ferkeapje. Gerke skeakelet syn buorfamke Laura yn om dat te kearen.
ISBN: 9789062734542