Home » Overzicht » Literatuur » Waargebeurde verhalen » Biografieën literaire auteurs » Ferline stilset Fierder
Swalkjend yn it lânskip fan syn libben skildert de auteur in nijsgjirrich ferhaal oer himsels. Syn libbensferhaal hat kleur! De titel fan it boek jout de kaaiwurden oer syn skiednis.
Mei him sjocht de lêzer yn de spegel fan it ferline. Yn it brede tiidsbyld fan trije-kwart iuw wurde je meinommen yn de ferhalen oer syn jeugd, doarp en omjouwing, syn opliedingen, leafdes, sporten, passys, wurk en it belutsenen wêze by de mienskip . Hoe't er dan stilset wurdt … en dochs wer fierder giet.
It boek wurdt yn in breed Tiidsbyld set en krijt rike pluspunten mei, en dermei in dokumintêre karakter, as je lêze oer ûntwikkelingen yn Fryslân. Je werkenne josels faaks yn in soad ferhalen. En… hy jout ferdjipjende fyzjes op it libben, wêryn we syn identiteit werkenne.
It boek lêst flot en sûget de lêzer mei yn wat der ferteld wurdt yn hieltyd ôfwikseljende partsjes dy't je dan wêryn ’t nó en dan wer yn it ferline bringe.
Joute de Graaf (1942) waard berne yn Ternaard en groeide dêr op. Hy studearre Boukunde en Pedagogyk. Hy wurke as timmerman, boukundich tekener, dosint en direksjelid. Hy mocht graach keatse, reedride en fytse. Dêrneist wie hy in tal fan organisaasjes bestjoerlik aktyf. Hy hie fanôf 1995 in arsjitektenburo. Yn 2004 krige hy in slim ûngemak. De fysike mooglikheden binne no beheind. Dochs skildere hy en begûn boeken te skriuwen. Romans en dokumintêre boeken. Dit is syn sânde boek.
ISBN: 9789493175785